Ferkiezings: Harns

12 mrt 2014 - 17:08
  • Gemeente Harns

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Wy binne yn de gemeente Harns en prate oer de macht van de lokale partij.

Yn tal fan gemeenten dogge lokale partijen mei oan de gemeenteriedsferkiezings. Mar wat is de macht fan dizze lokale partijen en binne jo better ôf by sa'n lokale partij of moatte je dochs kieze foar in politike partij mei in lanlik karakter?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)