Ferkiezings Fryske pleats 2006

30 mrt 2006 - 17:24

Bewenners fan in kop-hals-romp-pleats kinne meidwaan oan de provinsjale ferkiezings foar Fryske pleats fan it jier 2006. Oanmelde kin oant 10 april. De ferkiezings wurdt organisearre troch de buorkerij stifting Fryslân.

De winner wurdt bekind makke yn juny. De priis is in sjek fan tûzen euro. Doel is om karakteristike pleatsen te behâlden. Pleatsen dy't yn de beneaming komme moatte âlder wêze as 65 jier en se moatte noch yn bedriuw wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)