Ferkiezing lûkt al 2000 stimmers

25 nov 2004 - 10:42

Der is al 2000 kear stimd foar de meast ferneamde Fries. De ferkiezing is betocht troch studinteferiening Bernlef út Grins. Sa'n twa wiken lyn is út in longlist fan 80 de lêste 10 Friezen bekend makke. Dat binne Foppe de Haan, Eise Eisinga, Abe Lenstra, M.C. Escher, Piter Wilkens, Domela Nieuwenhuis, Piter Jelles Troelstra, Grutte Pier, Gysbert Japicx en Kening Redbad.

Fia de webside www.ferneamdefriezen.nl kin oant 10 desimber stimd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)