Ferkiezing Grutste Dantumadieler

12 nov 2005 - 08:56

Ynwenners fan Dantumadiel kinne oant febrewaris takom jier stimme op de Grutste Dantumadieler. Dantumadeel '82 fynt it heech tiid foar sa'n ferkiezing. De partij hat in list fan 29 minsken opsteld dy't wat dien hawwe op it mêd fan ûnder oare literatuer, sport, keunst en entertainment.

Stimme kin fia de side fan de partij of mei in bon yn in spesjale krante dy't hûs-oan-hûs útsutele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)