'Ferkiezing gjin graadmjitter'

09 nov 2013 - 08:20
  • Rutte en Jorritsma by in eardere moeting

Minister-presidint Mark Rutte (VVD) fynt dat de ferkiezings takom wike yn Fryslân gjin graadmjitter foar de lânlike polityk binne. Neffens Rutte giet it derfoar te folle oer lokale tema's. Dochs nimme de kopstikken út Den Haach de gemeenteriedsferkiezings hjir serieus.

Njonken Rutte binne ek Diederik Samson (PvdA), Alexander Pechtold (D66) en Arie Slob (CU) sneon noch yn Fryslân op paad om kampanje te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)