Ferkiezing Famyljebedriuw 2010

22 jun 2010 - 13:51
  • Foto's: Omrop Fryslân

Tsien bedriuwen meitsje kâns keazen te wurden ta Famyljebedriuw fan it Jier. It giet foarearst om in regionale ferkiezing. De winner giet troch nei de lanlike finale.

De tsien nominearren binne keazen út 208 dielnimmers. Dêr sitte grutte bedriuwen by lykas Poiesz yn Snits, mar ek folle lytsere lykas bakkerij De Korenaar yn Surhústerfean. Woansdei wurdt bekend makke hokker bedriuw Fryslân fertsjintwurdiget op 'e lanlike ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)