Ferkearstelling op de A32

09 sep 2014 - 14:51
  • A32

Der binne de ôfrûne dagen tsientallen kamera's en kabels pleatst by de A32. Rykswettersteat docht dêr spesjale mjittings om te sjen hoefolle ferkear der del komt en hokfoar ferkear dat krekt is. Mei dizze gegevens wurdt berekkene hoe drok it yn de takomst op de dyk wurdt.

Minsken dy't troch de kamera registrearre wurde, krije thús in fragelist tastjoerd. De gegevens hjirfan wurde brûkt om te bepalen oft de diken yn de takomst oanpast wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)