Ferkearssitewaasje op de N381 by Easterwâlde is soarchlik

09 nov 2015 - 17:01

Grutte soargen oer de ferkearssitewaasje by de N381 by Easterwâlde. De dyk wurdt sa omboud dat ferkear elkoar net mear hoecht te treffen by it oerstekken. Sa komme der ferskate tunnels en fiadukten. Mar de wurksumheden sels jouwe ek in soad problemen. It ferkear oer de N381 moat omride en dêrtroch ûntstean ferskate gefaarlike sitewaasjes.

Ferkear oer paralleldyk
Sûnt twa moannen is no it krúspunt fan de Duistereweg mei de N381 ôfsletten en dat betsjut dat in grut part fan it ferkear fan en nei it doarp oer de paralleldyk moat. Dêr komme auto's en fytsen no by elkoar en dat smyt gefaarlike sitewaasjes op. Dit bliuwt sa oant ein takom jier.

Moasje Ooststellingwerfs Belang
Ooststellingwerfs Belang tsjinnet tiisdeitejûn in moasje yn. Dêryn freegje se om in tydlike fytsbrêge as oplossing foar de problemen.

Ofrûne snein kaam op de N381 by Donkerbroek in persoan om it libben nei in ûngelok.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)