Ferkearsrûzje: auto klemriden

17 okt 2011 - 10:49

In man (18) út Koatstertille en man (21) út De Harkema binne sneintemiddei oanhâlden foar bedriging. Se hiene in oare automobilist (19) klemriden op Noarderhegewei yn Drachten. De rûzje begûn foar de stopljochten oan de Lange West. Dêr foel de motor fan de 19-jierrige út doe't er oplûke woe by grien ljocht. De 18-jierrige begûn te toeterjen. Syn 21-jierrige maat stuts de middelfinger op en begûn te skellen. Fierders smieten se drinken oer de auto fan de 19-jierrige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)