Ferkearsregelster oanriden

02 jun 2010 - 09:59

In 20-jierrige frou út Harns is moandei yn har wenplak oanriden troch in auto. De frou regele it ferkear by de 'avondsvierdaagse' en liet de automobilist stopje om't der kuierders oerstekke woene. Doe't de frou har omdraaide ried de automobilist har fan achteren oan. De frou rekke dêrtroch ferwûne oan har knibbels en moast behannele wurde troch de EHBO.

By de automobilist is in blaastest dien omdat er mooglik tefolle dronken hie. Hy krige ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)