Ferkearsregeler slacht famke

18 mrt 2014 - 10:47

In 72-jierrige ferkearsregeler fan It Hearrenfean is moandeitemiddei troch de plysje oanholden op fertinking fan mishanneling fan twa famkes fan 11 en 12 jier. De beide famkes fytsten op de Sportwei. Yn stee fan op it fytspaad, fytsten se op 'e dyk. Doe't de ferkearsregeler de famkes dêrop oanspruts, soe hy ien fan har in klap jûn hawwe. It oare famke pakte er by de kiel. De famkes ha thús de plysje belle. De man is meinaam neit it buro foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)