Ferkearsregeler oanriden by Holwert

15 jul 2015 - 21:09
  • Ferline wike waard in ferkearsregeler oanriden by Holwert

By Holwert is woansdeitejûn om ûngefear acht oere in ferkearsregeler oanriden op de N357 en is in autobestjoerder troch de ôfsetting riden. De plysje kin net befestigje dat de ferkearsregeler mei opsetsin oanriden is.

De man is licht ferwûne rekke oan 'e knibbel. Ambulânsepersoniel hat de man opfongen. Omdat op it stuit wurke wurdt oan de dyk is dy fan woansdeitejûn 19.00 oere ôf ôfsletten foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)