Ferkearsregeler by Holwert mei sin oanriden

16 jul 2015 - 10:27
  • Ferline wike waard in ferkearsregeler oanriden by Holwert

De 35-jierrige ferkearsregeler dy't woansdeitejûn oanriden waard by Holwert, is mei sin troch de auto rekke. It slachtoffer waard op de dyk Holwert-Ljouwert skept troch in 71-jierrige Ferwerter. Hy is 300 meter meisleurd op de motorkap.

De automobilist wie lilk om't de dyk ôfsletten wie fanwege wurksumheden. Hy ried doe troch in ôfsetting hinne. It slachtoffer hâlde oan de oanriding in ferwûning oan de knibbel oer. Hy is troch ambulânsepersoniel opfongen. De oanrider is oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan besykjen ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)