Ferkearsproblemen yn Ljouwert

17 okt 2012 - 16:40
  • brêge
  • Harinxmabrêge

Troch ferfier fan sân foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert binne de brêgen yn de stêd sa'n soad iepen dat it ferkear fêst komt te sitten. Benammen jûns krekt nei seis oere smyt dat problemen op. De gemeente Ljouwert erkent it probleem en wol besjen oft der wat dien wurde kin oan de iepeningstiden fan de brêgen. Foar de oanfier fan sân is mei sin keazen foar ferfier oer it wetter en dêrnei fia pipen nei de Werpsterhoeke. Om de oerlêst foar ferkear oer de dyk te beheinen geane de brêgen yn de spits net iepen.

Yn jannewaris is it ferfier oer it wetter dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)