Ferkearsproblemen oanjaan

21 mrt 2006 - 17:55

De provinsje bringt dit jier de knipepunten op de Fryske diken yn kaart. Yn dizze saneamde netwurkanalyse moat nei de simmer te sjen wêze wêr't de ferkears- en ferfiersproblemen lizze.

Undernimmers kinne sels de knipepunten oanjaan. Deputearre Baas joech dêr woansdei it startsein foar op de BedriuweKontaktdagen yn Ljouwert. Oan de hân fan de gegevens wurde de diken yn Fryslân oanlein of ferbettere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)