Ferkearsoerlêst yn Ysbrechtum

27 nov 2009 - 14:36

De feroarings oan de A7 by Snits soargje foar ferkearsoerlêst yn it doarp Ysbrechtum. Neffens de Doarpsrûnte Ysbrechtum komme no twa kear safolle auto's troch it doarp. Dy ride ek nochris fierte hurd.

Omdat der in soad fytsers binne soarget dat foar gefaarlike situaasjes. De gemeente moat yngripe, fynt it doarp. Bygelyks troch it asfalt oan it begjin fan it doarp te ferfangen troch klinkers. Dat soe noch foar de weryndieling barre moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)