Ferkearsoerlêst yn Snits

13 okt 2007 - 15:12
  • Grut part rûnwei ôfsletten

It ferkear moat de kommende wike rekken hâlde mei fertragings yn Snits. In grut part fan de rûnwei is ôfsletten foar it ferkear. Der komt in tydlike brêge oer de Geau.

Sûnt freedtenacht moat it ferkear in alternative rûte sykje foar it ôfsletten stik dyk op de westlike rûnwei fan Snits. Der is bewust foar de hjerstfakânsje keazen, omdat it dan it minst drok is op de dyk. Yn dy 9 dagen wurkje in 60 man oan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)