Ferkearsoerlêst op 'e Gordyk

16 jul 2010 - 12:25
  • De nije brêge fan De Gordyk
  • De wethâlder en de brêgewipper dwaande mei it wippen fan de brêge

De fertraging yn de oanlis fan de rûnwei om De Gordyk hinne, soarget foar grutte ferkearsoerlêst yn it doarp. Eins soe al yn 2007 de skep yn de grûn, mar trochdat it net slagge is alle grûn te keapjen leit it projekt stil. Al it ferkear moat dêrom troch it doarp hinne. En dat kin eins net.

Wethâlder Kooistra fan Opsterlân sei dit freed by de iepening fan 'e nije brêge nei de wenwyk Loevesteijn. Kooistra hopet dat de oanlis fan de rûnwei yn 2012 úteinsette kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)