Ferkearsmerk foar skoalbern

01 sep 2004 - 16:11

Bern tusken de 12 en 15 jier binne faak belutsen by ferkearsûngelokken op de fyts. Faker as jongere bern om't de brêgeklassers langere einen nei de middelbere skoalle fytse moatte. Krekt yn dy leeftyd nimme bern it net sa nau mei de regels.

Wethâlder Waanders fan Ljouwert iepene woansdei de Ferkearsmerk op it Piter Jelles Montessori yn Ljouwert. In plysjeman en frachtweinsjauffeur wiisden de learlingen op de gefaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)