Ferkearsmerk foar skoalbern

06 okt 2003 - 00:00

Skoalbern yn Bûtenpost ha moandei in spesjale ferkearsles krigen, in ferkearsmerk. De les op de middelbere skoalle wie in inisjatyf fan GCO, omdat it ferkearsûnderwiis nei de legere skoalle ophâldt.

Alle jierren easket it ferkear noch in soad slachtoffers ûnder middelbere skoalbern. Yn de lêste fiif jier kamen der tolve om en rekken 354 ferwûne. De les bestie ûnder mear út in film, in reaksjetest en in remtest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)