Ferkearsljocht wurdt neisjoen

31 jul 2009 - 09:58

Rykswettersteat wit net wêrom't de ferkearsljochten by Wurdum it net dogge. Se freegje in spesjalisearre bedriuw om it probleem op te lossen. De ljochten yn de A32 dogge it sûnt woansdeitemiddei net mear. Eigen personiel hat net achterhelje kinnen wêrom't dat sa is en dêrom wurdt no de help fan tredden ynroppen.

Wannear't dy de problemen ferholpen hawwe, is noch net dúdlik. Oant dy tiid moat ferkear stadiger ride en binne in tal rydstroken ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)