Ferkearskontrôles yn Fryslân

16 aug 2008 - 13:37

By in tal ferkearskontrôles yn Ljouwert, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel hat de plysje freedtemiddei hast 50 autobestjoerders en brommerriders bekeurd. Der is ûnder oare kontrolearre yn en om Stiens en Dronryp.

Acht autobestjoerders ha in bekeuring krigen om't se de gurdel net omhiene. Ek binne boetes útdield foar net-handsfree beljen en opfierde brommers. Yn Ljouwert binne 600 bestjoerders kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)