Ferkearskontrôles yn Fryslân

24 sep 2014 - 10:27

De plysje hat tiisdei yn Kollumersweach en Dokkum kontrolearre op te hurd ride. Dit dienen se nei oanlieding fan klachten. Op de Foarwei yn Kollumersweach ried in bestjoerder mar leafst 102 kilometer yn de oere, wylst dêr 50 kilomter tastien is. De plysje kontrolearre ek oan de Hurddraversdyk en de Rûnwei-Noard yn Dokkum.

Yn totaal rieden 584 minsken te hurd. Dizze bestjoerders krije in bekeuring thús stjoerd.

Ek op N359 tusken Ljouwert en De Lemmer wie tiisdei in ferkearskontrôle. Hjir is by 19 minsken in proses-ferbaal opmakke. De measten krigen in boete foar it net handsfree beljen en ynheljen by in trochlutsen streep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)