Ferkearskontrôles holden

17 okt 2009 - 14:29

De plysje hat freed ferskate ferkearskontrôles hâlden. By in kontrôle op de A7 by Skarsterbrêge binne sân automobilisten bekeurd om't se oer de flechtstreek rieden, net handsfree bellen of de riem net droegen.

Freedtejûn en -nacht binne yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân santjin boetes útdield oan bestjoerders dy't mei alkohol op rieden. Yn twa gefallen waard it rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)