Ferkearskontrôle op Ofslútdyk

11 okt 2003 - 00:00

By in grutte ferkearskontrôle op de Ofslútdyk waarden yn de nacht fan freed op sneon beide kanten fan de dyk ôfset. 70 minsken fan plysje, dûane, maresjausee en 3VO hâlden 1800 sjauffeurs tsjin.

Njonken drankgebrûk waard kontrolearre op snelheid, wapen- en drugsbesit en it brûken fan reade disel. Uteinlik levere de kontrôle 28 bekeuringen op. Foar it earst yn de skiednis waard de Ofslútdyk hielendal ôfsletten foar in kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)