Ferkearskontrôle op Aldlânsdyk

03 okt 2014 - 11:05
  • Ferkearskontrôle

De plysje hat tongersdei 14 boetes útdield by in ferkearskontrôle oan de Aldlânsdyk yn Ljouwert. Tusken 9 oere moarns en 4 oere middeis waarden bestelbuskes en bedriuwsferkear kontrolearre. Dat barde op in kontrôleplak oan de Greunswei, dêr't ek in brêge stie om de buskes te weagjen. De plysje makke 14 kear proses-ferbaal op foar ûnder oare útstekkende lading, net handsfree beljen en in te swiere belading.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)