Ferkearskontrôle: alve boetes

08 jan 2009 - 10:18

By in ferkearskontrôle yn Drachten hat de plysje woansdei alve minsken op de bon slingere. De plysje kontrolearre fan 49 auto's de technyske steat. De bestjoerders moasten ek blaze.

Alve minsken krigen in boete, ûnder oare omdat de autobannen te glêd wiene, de ferljochting net goed wie of omdat se har autopapieren net by har hiene. Fierder foldie in tal oanhingweinen net oan de easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)