Ferkearskontrôle: 365 prosint te swier beladen

17 mrt 2016 - 22:31
  • Ferkearskontrôle auto's mei oanhingwein

By in ferkearskontrôle by It Hearrefean hawwe tongersdei in lytse tweintich bestjoerders in proses-ferbaal krige. Benammen bestelauto's en auto's mei oanhingweinen waarden fan de dyk helle troch motorplysjes en neisjoen.

Yn sechstjin gefallen wie der sprake fan in te swier belading. De oare prosessen-ferbaal wiene foar riden sûnder rydbewiis, riden mei in glêde bân en yn ien gefal wie it nûmerboerd op de karre net goed te sjen. Ien fan de oerbeladen karren wie mar leafst 365 prosint te swier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)