Ferkearskamera's op 'e Lemmer

28 maaie 2006 - 12:49

Der komme kamera's oan de A6 by De Lemmer om it ferkear yn it doarp better trochstreame te litten. Ek op oare plakken sille kamera's besjen oft it ferkear te bot fêstrint as de Zijlroedebrêge iepen is. De kamera's komme by de Prinses Margrietslûs en de Strjitwei, flakby de brêge. As de file te lang wurdt, krijt it autoferkear foarrang en moatte de boaten wachtsje.

De gemeente Lemsterlân wol dat der op dit plak in akwadukt komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)