Ferkearshinder yn Ljouwert

07 des 2004 - 10:16

It ferkear yn Ljouwert moat rekken hâlde mei grut opûnthâld. Dat komt troch it bergen fan it sonken skip de Delta Queen, dat net sûnder swierrichheden ferrint. De Snekertrekwei en de Marshallwei binne ôfsluten foar ferkear.

De Delta Queen wie foarhinne in cruiseskip, dat al in stikmannich jierren yn Ljouwert leit. De lêste tiid wennen der swalkers op. De Delta Queen sonk op 23 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)