Ferkearsgaos troch sâltblokken

03 des 2004 - 12:32

In ûngelok soarge tongersdei foar in ferkearsgaos op de A32. By Grou waard in auto mei dêrachter in karre mei blokken sâlt fan achteren oanriden. In part fan de lading kaam dêrby op 'e autodyk telâne. De auto's rekken fan de dyk ôf, wat ek jilde foar twa oare auto's dy't oer de sâltblokken hinne rieden.

Gjinien rekke ferwûne, mar wol wie der in soad blikskea. Trije oeren wie ien baan ôfset foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)