Ferkearsgaos nei iisgala

24 jan 2006 - 18:05

Nei de opnames fan in televyzjeprogramma wie it moandei in ferkearsgaos by It Hearrenfean. Dêrby hat him ek in inkelde oanriding foardien mar der wiene gjin ferwûnen.

Yn Thialf wie in iisgala mei toppers fan it Nederlânske liet lykas Frans Bauer, Marianne Weber, Jan smit en Thomas Berger. 'Muziek op het ijs' luts 12.000 besikers. Der wie safolle tarin dat de auto's op de autodyk A32 al foar de ôfslach nei Thialf stilstiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)