Ferkearsgaos by Hylpen

11 feb 2012 - 15:22

De organisaasje fan it belslydjeien yn Hylpen ropt op foaral net mear nei de stêd te kommen. Der stiet op it stuit in lange file, en it liket derop dat minsken dy't no noch Hylpen yn wolle gjin hynder mear sjen sille.

It is rûnom yn Fryslân drok mei minsken dy't de kâns gripe om wat fan 'e iiswille en iisaktiviteiten mei te krijen. Op de bekende plakken op de Alvestêderûte is it smoardrok, lykas yn Bartlehiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)