Ferkearsgaos Hearrenfean troch ûngelok mei ferskate auto's

09 des 2014 - 18:46

Op de autosneldyk A32 is by it knooppunt Hearrenfean oan de begjin fan tiisdeittejûn in ûngelok bard. Hjirby wiene meardere auto's belutsen. In 22-jierrige man út Mildaam en in 29-jierrige frou fan De Lemmer rekken hjirby ferwûne. It ûngelok gebeurde doe't de man en de frou mei harren auto's besochten yn- en út te foegen. Troch de drokte slagge dit min.

De frou kaam mei har auto stil te stean op de ynfoechstripe. De man út Mildaam dy't útfoege woe hie dit net sjoen en botste op de auto fan de frou.

Troch de klap skeat hy de dyk op en waard rekke troch in tredde auto, bestjoerd troch in man fan 39 út Wolvegea. De auto's fan de beide slachtoffers dy't ferwûne rekken, rekken swier skansearre. Troch it ûngelok ûntstie flinke file. Dit hat ûngefear twa oeren duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)