Ferkearsgaos by finish Slachte

13 jun 2004 - 00:00

De organisaasje fan 'e Slachtemaraton hat him folslein fersjoen yn it tal minsken dat nei it finishplak by Easterbierrum kaam. Alhoewo't de kuier sels goed ferrûn, ûntstie hjirtroch op sneontejûn in slimme ferkearsgaos. Tûzenen minsken woene yn twa oeren tiid mei bussen werombrocht wurde nei it grutte parkearplak. Dat slagge net.

Bussen kamen fêst te sitten. Utputte kuierders rekken út 'e tiid. De gong fan saken muoit de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)