Ferkearsfeiligens Drachten

12 maaie 2004 - 00:00

Nei de ferkearsfeiligens op it Noard yn Drachten sil ûndersyk dien wurde. No al moatte in soad skoalbern dy dyk oerstekke. Troch de komst fan in 'brede skoalle' yn de wyk De Folgeren sil dat allinnich mar tanimme.

Ek it nije winkelsintrum De Noorderpoort sil foar mear drokte op de dyk soargje. Om it Noard feiliger te meitsjen, ha B&W de provinsje frege dêr in flitspeal del te setten. It grutste part fan de rie fynt dat net genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)