Ferkearseksamens binne dreger

07 apr 2010 - 15:47

Hieltyd minder skoalbern slagje foar it ferkearseksamen. Dat docht bliken út sifers fan Veilig Verkeer Nederland. Yn 2007 helle lanlik oardel prosint fan de bern it eksamen net, yn 2008 wie dat hast trije prosint en ferline jier hast fiif. Dat binne sa'n 7.000 learlingen.

Neffens VVN is it fral de skuld fan de âlden. Se bringe bern faker mei de auto nei skoalle en sa leare de bern net folla fan de ferkearsregels yn de praktyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)