Ferkearsdrokte yn Ljouwert

18 des 2007 - 11:55

Op 'e súdlike tagongsdyk nei Ljouwert hearsket ferkearsdrokte fanwege de lânboubeurs yn it WTC Expo. Op de N32 is der fan Wurdum ôf stadich ridend ferkear.

Bykommend probleem is in ûngelok op in rotonde by de Hindrik Algrawei. Dêr binne pallet mei kofjemolke fan in frachtwein ôf fallen. Dat liedt ta opstoppings op 'e Newtonwei de stêd yn. It guod wurdt ûnderwilens opromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)