Ferkearsdrokte Friesland Vaart

30 jun 2006 - 11:39

Autobestjoerders nei en út Ljouwert wei moatte freed rekken hâlde mei ekstra reistiid fanwege it spektakel Friesland Vaart. Tusken likernoch tolve oere en healwei sânen komme sa'n fiifhûndert boaten de stêd yn. Dêr moatte de brêgen foar iepen.

Automobilisten wurdt frege om safolle mooglik de eastlike rûnwei fan de stêd te folgjen. By elke ynfalsdyk nei Ljouwert ta stean ek buorden om it ferkear de goeie kant op te wizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)