Ferkearsdeade by Wommels

10 nov 2013 - 09:25

In autobestjoerster (78) út Koudum is sneontejûn om it libben kaam by in ûngelok op de N359 by Wommels. De frou waard by de ôfslach nei it doarp oanriden troch in bestelbus dy't bestjoerd waard troch in 50-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It slachtoffer kaam fêst te sitten yn 'e auto. Se is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De bestjoerder fan de bus is mei ferskate fraktueren oerbrocht nei it sikehûs fan Snits. Der is him in bloedproef ôfnommen yn ferbân mei fermoedlik alkoholgebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)