Ferkearsbuorden yn Noard-Frysk

14 sep 2008 - 16:37
  • Tink om 'e bern!

De Friisk Foriining yn Bargum (Dútslân) biedt ferkearsbuorden yn it Noard-Frysk oan. Op de buorden stiet 'Achtet auf Kinder! - Jeew åcht aw e bjarne!' (Tink om 'e bern!) De buorden kinne by skoallen, boartersplakken en yn wengebieten delset wurde.

Lars Harms fan de Friisk Foriining hat it idee foar de buorden opdien yn it Sloveenske taalgebiet yn Karintië yn Eastenryk. De buorden fan aluminium binne tsjin kostpriis te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)