Ferkearsbuorden fernield

27 des 2009 - 15:24

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein fjouwer ynwenners fan Koudum fan 18, 18, 19 en 19 jier oanholden yn Balk op fertinking fan iepenlike geweldpleging. In tsjûge hie sjoen dat de fjouwer by in rotonde oan de Gaaikemastrjitte fjouwer grutte ferkearsbuorden fernielden.

Fuortdaliks waard fia 1-1-2 de plysje warskôge. De plysjes wiene gau op it plak en seagen ien fan de jongeren noch mei in boerd rinnen. De fjouwer jongeren waarden oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)