Ferkearsboerd tsjin plysjewein

21 okt 2007 - 16:11

De plysje hat sneintemoarn betiid twa ynwenners (17 en 21 jier) fan Makkum oanholden op de Weersterwei yn har wenplak. De twa gedroegen har ferfelend en provosearjend tsjin de plysje. Hoewol't de plysjes rêstich bleaunen krigen se har nocht doe't de twa in ferkearsboerd nei de plysjewein smieten.

De 17-jierrige wraksele tsjin, mar koe troch trije plysjes ôffierd wurde nei it buro, tegearre mei de 21-jierrige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)