Ferkearde skilderij yn museum

07 maaie 2009 - 17:01
  • Dit is net Hessel van Martena

Sneon begjint yn it Martena-museum yn Frjentsjer in tentoanstelling oer de histoaryske figuer Hessel van Martena. Bliken docht no dat in portet fan Hessel dat yn it museum hinget, net in protret fan Hessel is. It giet dus om it ferkearde skilderij.

Oare ôfbyldings fan Hessel binne der ek net. In lytse ramp foar it Museum Martena, mar de tentoanstelling giet gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)