Ferkearde sifers by Sionsberg

05 feb 2013 - 12:21
  • De Sionsberg

De ôfdieling ferloskunde fan Sionsberg yn Dokkum is sletten op grûn fan ferkearde sifers. Dat seit SP-Twadde Keamerlid Renske Leijten. Se hat moandei oan de minister frege de ôfdieling wer te iepenjen. Leijten basearret har op in ûndersyk en artikel fan gynekolooch Loes van der Leeuw yn it blêd Medisch Contact. Neffens in rapport 'Beter Baren' út 2008, wie it befallen yn lytse sikehuzen in folle grutter risiko.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)