Ferkearde sifers grûndelgong

27 mrt 2008 - 21:55
  • 'Gaswinning oarsaak delgong Frjentsjer'

It Staatstoezicht op de Mijnen hat ferkearde sifers nei bûten brocht oer de grûndelgong troch gaswinning by Frjentsjer. Dat seit ald NAM-yngenieur Adriaan Houtenbos.

Neffens it staatstoezicht komt de grûndelgong fan 23 sintimeter yn it gebiet mar foar de helte op rekken fan de gaswinning. De oare helte soe troch normale ynklinking komme. Houtenbos seit dat hast de hiele delgong troch de gaswinning komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)