Ferkearde omliedings bepraat

17 sep 2007 - 12:01
  • Ferkear dat omlaad waard oer Drachten kaam by in ôfslach dat ôfsletten wie

By Rykswettersteat is moandei oerlis oer de miskommunikaasje dy't der dit wykein west hat by omliedings fanwege wurk oan de dyk. By twa grutte omliedingsrûtes ûntstiene gefaarlike sitewaasjes.

Benammen op de A32 by it klaverblêd op it Hearrenfean gong it mis. Ferkear dat nei Ljouwert moast en fanwege wurk oan de dyk omlaat waard oer Drachten, waard by it Hearrenfean in ôfslach opstjoerd dy't ôfsletten wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)