Ferkearde medalje foar Wüst

11 mrt 2011 - 08:00

Ireen Wüst hat tongersdei nei har oerwinning op de trije kilometer yn Inzell de ferkearde medalje krigen. Dat meldt se op Twitter. De rydster fan It Hearrenfean krige troch in flater fan de organisaasje de gouden medalje foar de tsien kilometer fan de hearen.

Wüst wûn de trije kilometer yn in tiid fan 4.01,56. It is net dúdlik oft se yntusken de goeie medaille hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)