Ferkeard miel ferpleechtehûzen

28 des 2000 - 18:19

Ynwenners fan ferpleechtehuzen op It Hearrenfean en omkriten hawwe in skoft ferkeard iten krige. De kompjûter fan 'e sintrale keuken Tjongerborch dy't de bestellings fersoarget, doogde net. Sadwaande krigen klanten net it miel dat se besteld hiene.

In tydsje bin de bestellings mei de hân ferwurke. Fan begjin takom jier docht in nije kompjûter it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)