Ferkear troch nij akwadukt

19 maaie 2007 - 12:01
  • Auto's ride ûnder it akwadukt troch

Foar it earst kin it ferkear sneon troch it nije akwadukt yn it Langdiel, yn de Wâldwei tusken Ljouwert en Hemriksein.

Oan it akwadukt is jierren wurke. It akwadukt is oanlein, tagelyk mei de ferdûbeling fan de Wâldwei. It omsetten fan de ferkearsstream bart mei help fan stopljochten. Allinnich de noardbaan wurdt brûkt. Dêr jildt in maksimum snelheid fan 70 kilometer yn de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)